J. Botke over de bouw van cichorei

In het boek De Gritenij Dantumadiel van dr. J. Botke staat een heel nauwkeurige beschrijving van het verbouwen en het drogen van de cichorei (in het Fries 'sūkerei'). Het is geschreven in 1932. De cichoreibouw in Dantumadeel was toen net gestopt, omdat het te weinig geld opleverde. Botke heeft tot in details beschreven wat er allemaal kwam kijken bij het verbouwen en verwerken van cichorei. Deze bron vind ik zo belangrijk dat ik het stuk niet samenvat, maar in z'n geheel overneem. Wel heb ik de spelling van 1932 zoveel mogelijk door de huidige spelling vervangen en verouderde woorden vertaald.

Bron: dr. J. Botke, De Gritenij Dantumadiel  (blz. 125 t/m 135).

 

De sūkerei

De sūkerei wurdt ferboud om de woartel; yn de woartel sit in soarte fan molke, dy't alderhande stoffen ynhāldt, ū.o. in bittere stof, in glukoside, dźr't it om giet. Yn 't earste jier ūntstiet in tsjūke woartel, dy't ek in fikse lingte krije kin. Op 'e kop fan 'e woartel sitte in hiel soad blźden : it lof, de woartelrozet. Yn 't twadde jier groeit de kop fan 'e sūkereiwoartel śt en levert in lange, śtspriede stālle, fol mei blauwe blommen. Dizze blommen binne eigenlik gjin blommen, mar blomkjessentsjes, dy't elts in grut tal blommen befetsje.

 

 

Foar de bou fan 'e sūkerei wurdt it lān meast hakke, mar ek wol ris ploege. Sūkerei moat sterk lān ha; der moat dus goed bedonge (=bijgemest) wurde. Troch dit sterke bedongjen hat men it oare jier dan bźst ierappellān; de ierappels kinne folop har gerak krije śt it plantefiedsel, dat oerbleaun is. In oar foardiel fan 'e sūkereibou is, dat it lān omraak skjin hālden wurdt en dat men it hjerstdeis (in de herfst) mei it dollen flink Ios makket.

Arbeiders bouden faak op de iene helte fan it stikje lān dat sy hiene sūkerei en op de oare helte ierappels; it jier dźrnei oarsom.

Nei it hakjen of ploegjen wurdt it lān eide (=eggen, fijnmaken van kluiten door er een stok met punten doorheen te trekken).

 

 

Dan komt de sleep der oer; dit is in planke mei 4 balkjes en in lange stok, dźr't in dwersprikke troch stutsen is; de sleper lūkt de sleep achter him oan, de hannen heech op 'e rźch. By it slepen komt it der op oan, om de nije furgen (=geulen) moai neist de oare te lūken, net te fier ōf en net te ticht by, en moai lyk op; de sleper hat dźrfoar it each stiif op in fźst punt rjuchte. De fuorgen wiene sa'n 30 cm. fan inoar af.

 

 

Yn de fuorgen wurdt no siedde mei it kroadsje; dit is it kroadsjerinnen. It kroadsje is in soarte fan bos mei gatsjes, dźr't in tsjeltsje omhinne sit. Dy bos sit it sied yn; men hāldt safolle gatsjes iepen, dat krekt safolle sied śt de bos rūgelet, as men yn de fuorgen hawwe wol; de oare gatsjes wurde tichtmakke. Efter oan it kroadsje sit in klauke, om it sied wat te bystopjen (=bedekken).

 

 

 

Sjiddersark foar sūkereibou. A. De sleep. B. Fan ūnderen sjoen. C. It kroadsje mei it klauke.

 

Dan wurde de rigen trape en as dit dien is, dan is it siedzjen klear. Gewoanlik hat men ien sleper, twa kroadsjerinders en trije of fjouwer trapers of traapsters. It kroadsjerinnen is net it makkelikste wurk; men wol it jūns wol leauwe (je voelt het 's avonds wel!), as men de hiele dei kroadsjeroun hat.

 

 

Wat de fierdere bewurking oangiet, wurdt it lān in kear as trije skoffele en in kear as trije wjūd (gewied - het onkruid wordt eruit gehaald).

 

 

It wie in aardig gesicht as sa'n 30, 40 of 50 wjūders oer de grūn kroepen, om alle tśchjes dźrśt te heljen. Sa'n kliber wjūders wier in boom; sy stiene ūnder it tafersicht fan in hounebaas (hondenbaas - hele strenge baas), dy't der efteroan roun en soarge, dat der wat dien waard.

 

 

Gie de boom nei in oar stik te wjūden, dan wier dat in hiele tocht en foar it fermaak blies ien dan op 'e hoarn. Ek waard it fokale diel fan it konsert net ferwaarloazge; sy koene merakel  sjonge (er werd ook flink bij gezongen), mei prachtige halen; wat mear halen, wat moaier. De sang behannele faak in alderfreeslikst drama.

,,En se hebben hem so freeselijk geslagen,

„It bloed dat liep hem fan syn lichaem af" ensafh.

 

 

Metten sy in oare boom ('kwamen ze een andere groep wieders tegen'), dan fleach wol it skelwurd: „laerjeboom" fan de ien nei de oare, en it sprekt, dan kaam der rśzje en gie it faak om liif en libben. Wiene sy wer te plak, dan waard de hoarn oan in beam hongen.

Wy komme by de byskriuwing fan 'e Westerein noch efkes op 'e boom werom.

 

Faak siedde men sawat om maaie hinne; ek wolris in wike of twa foar maaie. Men dolde fan heal septimber ōf oan Sinteklaas ta, ek noch wol ris letter, want it koe wźze, dat de al earder oanbrochte woartels yn it nijjier noch net droech wiene en dan moast men mei it dollen fan de oare sa lang wachtsje. Men liet se leaver yn it lān sitte, dan se by froast boppe de grūn te hawwen, want yn it lźste gefal ferfrearen se faak (vroren ze stuk) en waarden se samar wei; foaral as sa'n bult ūnder de snie kaam te sitten; men moast dan teiwaar ōfwachtsje; troch it beferzene sniewetter wiene se dan alhiel bedoarn; yn skjinne winters gie it noch al. - Men begrypt dus wol, dat it ien en oar by de rispinge (=oogst) noch al ūngelyk wie, ōfhinklik fan hoe“t it waar west hie.

 

 

Inkelde woartels liet men wol sitte, om dizze as setwoartels te brūken. Dizze moasten dan it oare jier sied foarmje. Maaitiids dolde men se śt; de bźsten waarden śtsocht en dizze waarden set.

It barde ek wol, dat inkelden op 'e heap yn it each foelen; men hālde dizzen dźr śt, sette se yn 'e grūn, die wat ierde dźr oer hinne en liet se dan de winter yn it kūltsje sitte.

By it dollen waard it lof ōfspield mei de lep (= een soort schep) en dat Iof kaam ūnder yn 'e goatte. Dolde men yn septimber, dan hie men hiel wat Iof; yn oktober stoar it mear en mear ōf en waard it faak noch mar in bytsje.

Hjerstmis (in de herfst) wounen de woartels noch wol in stik oan, mar de deugd (=kwaliteit), it gehalte waard minder, en al krige men dan ek grutter massa, it gewicht fan 'e woartels sels waard minder, hoe letter it yn 'e tiid waard. Dit liket miskien wol frjemd, mar men moat it sa begripe, dat se noch wol oanwounen, mar dat it boumateriaal hjirfoar foar in diel śt 'e opslachstoffen nommen waard, dy't yn 'e simmer yn 'e woartel opheape wiene., Men koe dit merke, as se yn 'e wask kamen : de woartels sonken yn septimber sa nei ūnderen; dy't yn 'e lette hjerst dold wiene, dreauwen wol ris efkes.

 

De dolde woartels waarden mei koeren fol op 'e wein droegen; de foarman brocht se nei de wask. Hjir waerden se ōfladen mei in gripe, dy't yn 'e lettere jierren knobbels op de punten hiene, en op in heap smiten.

Net alle sūkereifabriken hiene sa'n wask; yn dit gefal smiet men de woartels yn in sleat, om se skjin te krijen.

De waskers smieten de waskbakken fol, dy't yn 'e fekken (= vakken) fan 'e wask dreauwen. Dizze fekken wiene mei hout opset. De waskbakken hiene ūnder latten; hjir koe de modder tusken troch nei ūnderen falle. Oan eltse kant fan de bak stie in wasker, in Iear om de iene foet, om mei in tśnklauwe de woartels wat hinne en wer te triuwen; dit diene sy op 'e mjitte (dit deden zij op de maat). Wylst de woartels op dizze wize ūndertusken skjin waarden, wie de bak oan 'e oare ein fan 'e wask kommen. De skjinne woartels waarden śtskept en kamen tusken sketten te lizzen ; de woartels fan eltse waskbak waarden apart hālden. De oare deis, as de woartels aI wat droege wiene, moasten se oplevere wurde.

 

 

 

De eigener of syn fertsjinwurdiger kaam; de woartels kamen yn platte rūne fetten mei sa'n fjouwer hānseltouwen of yn koeren; dizze waarden op in platte kroade set, dy't mar in lyts opstekje hie en nei de wager riden ; de wager woech de ynhāld, dy't dźrnei nei boppen brocht of takele waard.

 

 

Dan kaam it feest; de man, dy 't ōflevere hie, moast traktearje. It wier op sa'n stuit drok yn 'e tapkeamer fan 'e herberge "Jelle, in flesse brandewyn", wier it dan. Want minder koe men net jaan. "Ha jimme ōfwoegen ?" wier dan de fraach, dźr' gjin andert op hoegde te folgjen.

Al de fabrykslju krigen har part, de waskers, de wage, de stokers. Op sa'n dei waard der hiel wat dronken of ōfsūpt kin men better sizze.

 

 

No begūn it snijen. Yn in stampbak mei platte kanten waarden de woartels yn lytse stikken stampt mei it stampmźs, in grut en swier ynstrumint mei ferskillende messen oan de ūnderkant. Letter hat de snijmasine (hānkrźft) dit wurk oernaam. De sneine woartels (gesneden wortels) kamen yn 'e souwe, dy't oan kettings ophongen wier en hinne en wer steat waard; de stikken, dy't goed fan grutte wiene, foelen troch de latten, wylst de oare wer yn 'e stampbak dien waarden.

Fan de souwe kamen de woartelstikken op 'e iest (sprek śt: jist) hjir waarden se bleatsteld oan de waarmte fan in turffjūr, dat der ūnder baarnde.

 

Sa'n iest wier in fjouwerkante skoarstien, dy't nei boppen ta wider śtrūn en in eintsje boppe de soudersflier śtkaam; hjir wier der in flier yn lein fan ieststiennen (14 X 14 stiennen) grutte estrikken, mei in great tal gatsjes, dy't fan ūnderen wider wiene as boppe. Yn dizze droechbakken waarden de stikken sneine of stikken stampte sūkereiwoartels smiten. Ūnder yn de skoarstien siet in binneskoarstien : it toerke; hjiryn wie in ruster mei in turffjoer; dizze binneskoarstien wie ōfsletten mei in stiennen kap, dy't sa metsele wie, dat der grutte iepeningen tusken de stiennen bleauwen: de douwegatten; tusken dizze binneskoarstien en de eigentlike iest der om hinne, wie noch frijwat romte; dizze romte stie ūnder troch twa tocht- of fyn gatten mei de būtenwrāld yn ferbining.

 

 

De waarme reek kaam troch de gatsjes fan de ieststiennen op 'e souder en hjir hearske dan ek in atmosfear, dźr't men wat oan wenne moast. De mannen, dy't yn dy hege temperatuer wurken, hiene fansels de boppeklean śtdien; sy stiene dźr yn 't reade baaien himd en yn de brune beverse ūnderbroek mei flappe en bantsjes ūnder oan 'e boksen. Sy hiene faken toffels oan en soms in ālde pet op en seagen der noch al wat spoekeftich (=spookachtig) śt.

 

 

Yn 't fabryk wier faak in apart keammerke, dźr't sy wer wat op har ferhaal komme koene en op in bank dan wol in tukje namen. As ark hiene de droegers kearskeppen, platte skeppen mei lange stokken, om de woartels te kearen, sa dat alle kanten mei de hite reek yn oanreitsing kamen. Om net al te folle lźst fan 'e reek te hawwen, liet men it fjoer goed baarne, foar 't men mei it kearen begūn. It fynguod of tochtfyn foel troch de gatsjes fan de ieststiennen hinne, kaam yn 'e mantel en koe dan troch de fyngatten der śt helle wurde. Om te soargjen, dat it net yn it fjoer foel, lei op it toerke wol in stik stoart. Dit fynguod betelle mar heal jild of soms noch minder. As de stikken sūkereiwoartels troch it rikjen hurd en droech wurden wiene, neamde men se beane. In oere of 12 bleauwen de woartels yn 'e droechbakken.

 

 

Men hie yn 'e greate fabriken in nacht- en in deiploech. By it ōflossen waard de berette sūkerei (de chichorei dy't klear wie), de beane dus, ōfdroegen. Se kamen earst yn balen, om hjir yn ōf te koelen; letter waarden dizze lege op 'e droechsouder. Hjir moasten se sa no en dan ris omset wurde. Hjir waarden se noch ris goed trochsocht nei de teie stikken, de pysten ; dit wier it pystsiikjen; dizze pysten kamen foaral foar, doe 't men noch stampte en net snie; letter by it baarnen wiene de branderijen der mei oan; de sūkerei waard der wat fellich troch, it like dan, dat der bedjer yn siet.

 

It fierdere bedriuw spile him net ōf yn Dantumadiel, mar yn Ljouwert of, Dalfsen of Grins of Marum, dźr't greate sūkereibranderijen wiene. (Der wier ek noch ien by Dokkum, yn Sybrandahūs, dus yn Dantumadiel).

Men sei wolris : „dźr moat mar in stikje Marum by de kofje", dit wier dan de sūkerei.

Wiene de beane net al te prizich (bracht de chichorei niet veel geld op, omdat de prijzen laag waren), dan liet men, as it koe, se wolris in winter sitte.

 

Yn 'e sūkereibranderij kamen de beane yn greate kūgelbranders, dy't roundraaiden yn grutte silinders, dźr't fjoer yn baarnde. - Dźr waard noch wol wat oalje of riezel by dien. It wetter, dat noch yn de beane siet, waard dan śtdampt; de wālm śt de branders waard op 'e ein wat blauwich en dan wier it baarnen berźden. Men baarnde do op it gesicht. Lette brūkte men mūnstersstekkers, om te sjen, ho fier it dźrmei stie. It wetter wier der dan śthelle en in 75 % fan it gewicht bleau oer. Fan de 1000 kilo woartels hie men 250 kilo beane krige en 187 kilo sūkerei.

 

Yn earder tiden waard de ynhāld yn karkes nei būten riden en ūnder in ōfdak ōfkuolle; mar letter hie men koelbakken, dźr't in fentilator de waarme loft śt sūge.

 

 

De beane wiene troch it baarnen spikerhurd wurden. Se moasten sa in etmiel stean bliuwe. Dźrnei waarden se hiel fyn meald. Foar Ynjen woe men wat grouwer korrel, dit produkt hjitte filter. Behalve de filter krige men noch trije produkten: de Pékofje; de grize en de blauwe sūkerei.

It mealde poeier kaam yn pakjes. De Pékofje koe dalik yn 'e hannel brocht wurde; de oare sūkerei kaam earst yn in dampe kelder op houten rakken, dźr't wetter ūnder troch rūn. De sūkerei naam dan wetter op en waard wat smeudich (smeuļg) Se ūndergyng in soart fan fermintaasje, dy't de lekkere rook better śtkomme liet. Yn dizze kelders bleau de sūkerei in 6 moannen. De blauwe sūkerei wier wat sźfter baarnd as de grize, it wie de bźste kwaliteit.

 

De soarten

Men boude hjir earst de Fryske sūkerei, letter kamen de Maagdeboarger spitskoppen, noch letter de smouters. Dizze waarden wol op ienlingen set, sy hiene in model as in sūkerbyt; de beane wiene blanker, om't er nei ferhālding minder fan 'e dūnkere hūd yn siet.

Men brūkte 1½ kilo siedsied it pounsmiet; wat mear nei it suden om Burgum hinne, hālde it mei in kilo op. De opbringst wier yn it earstoan : 600 ā 700 pounkg) it lepsen, letter 1000 poun dus 18000 poun it pounsmiet. - De priis wier ƒ12,50 - ƒ18.- de 1000 kg.

 

Fan sykten yn it gewaaks hie men net folle lźst. By it opkommen koene lytse grize slakjes der noch wolris oan frette. Yn it winterguod sieten wolris swarte stikjes; dit kaam dan meidat (=doordat) der noch wol ris in rotplakje oan 'e woartels kaam. Dit rot waard feroarsake troch in swam: Sclerotium tectum.

 

De hānnel

Wylst de woartels sels by de 1000 kg. kocht waarden fan de boer, waarden de beane by de 100 kg. ferhannele. De prizen wiene hiel ūngelyk; men krige foar de 100 kg. beane soms ƒ5.-, mar ek wol ris ƒ35.-; de middenpriis wier sawat ƒ7.-, dan koe de bouwerij wol śt; dat de prizen sa skommelen, kaam hjirtroch, dat it produkt net ferfongen wurde koe troch wat oars ; men hat wol besocht śt koarn in surrogaat te meitsjen, mar dit is mislearre. Wie der dus wat te min om de ien of oare reden, dan gie de priis būtenwenstich omheech. En ōfnimmers wierne der altyd; foaral gie der hiel wat nei Ruslān. Wie der mear forboud as der frege waard, dan sakken de prizen ek hiel leech. Dizze śtsūnderlike tastān kaam hiel goed śt yn 'e droege simmer fan 1893. It wier in minne, flauwe tiid, alles wier spotgoedkeap, de houwer gou in stoer it kilo, mar de sūkerei gou ƒ18.-.

Yn 'e oarloch (1914-1918) hie men in priis fan ƒ34.- en ek it tochtfyn gou safolle; dit kaam om't fan de gewoane sūkerei 60 % yn it lān bliuwe moast, mar it tochtfyn mocht der śt.

 

De fabriken yn 'e wālden wiene earst allegearre spekulatyf ; ik neam hjir de folgjende nammen:

 

Prakken

Anne Hedmans Annema

Foeke Tsjeards  letter Anders Foekes

de Rapen

Pieter Viersen yn Driesum

Deelstra

Germ Meijer

Jagersma

Keimpe Sikkema op de Geast

Kooistra yn Walterswāld

Sikkema en Jongsma yn 'e Falom

 

 

Letter kamen der ek koöperative fabriken. De sūkereibou is op 't heden sa goed as dien, en dit is wol in ōfbreuk foar de Wālden, want dźr wier hiel wat wurk oan ferbūn. Men soe freegje kinne, hawwe de Wāldsjers sels der ek wat skuld oan, binne sy wol mei de tiid mei gien, want yn oare kriten lyk as yn it Belzelān (Belgiė) en op Goeré wurdt noch wol sūkerei ferboud.

 

 

Yn lźstneamde kriten hat men war dien, om in better produkt te krijen. Men hat de sūkerei, krekt as men by biten docht, op ienlingen set (dat barde yn 'e lźste jierren ek wol ris yn 'e Wālden) dit jowt  evenrediger gewaaks en net mear lytse en greate woartels trochinoar. By it ūnevenredige spul dat men hjir faken hie, waarden de lytsere folle mear feroare by it druijen as de greatere. Ek hat men yn niisneamde kriten de iesten ferbettere; se waarden fan iisder boud en men makke mear boppe inoar. Fierder hie men mear seleksje tapasse kind om de plant te ferbetterjen en hie men ek noch mear by it bedongjen rekken hālde kinnen mei de nijere śtkomsten fan de wittenskip. Ek de arbeidswet hat net foardielich wurke; yn stee fan twa ploegen moasten der trije komme; mar dit wier in great biswier, om't de woartels in 12 oere op 'e droechbakken behannele wurde moasten. No binne inkelde iesten ōfbrutsen; oare steane alhiel ferlitten. Śt de houten skoarstientsjes fan de fabriken, dy't faken śt skeanstelde plankjes opboud binne, lyk as sinneblinen, komt net mear de reek fan in turffjoer.

 

It jongfolk fan 'e Halen, dat yn 'e fleur fan 'e sūkereibou hjir op 'e winterjoun gearkeppele en gekjage of kaartspile by de waarmte en it ljocht fan it turffjoer, moat dy waarmte en dat ljocht no mar op in oar plakje sykje en foar de bern is it feest fan it ierappelpoffen hjir in ding, dat net mear bestiet. Sa feroarje de tiden. Sa feroaret de wrāld.

 

In inkeld wurdsje noch oer it ūntstean fan 'e sūkereibou. Dat de sūkerei as in surrogaat foar kofje tsjinje kin, is yn 1775 śtfoun troch in pear Frānske dokters, Harpong en Brunau te Sessinez. Wol waard foar dy tiid de woartel brūkt, want Knoop, de Ljouwerter hortulanus, dy't de koken- en doktersplanten yn 1761 beskriuwt, seit dźrfan : “De woartel, weak sean, en de wyt makke blźden tsjinje as slaad; de woartels wurde ek yn sūker konfite, om 't se goed binne foar de sūnens." Yn de „Tsjinwirdige Steat" fan 1789 stiet dat de ferbou oan de bouwers wol foardiel besoarget; mar der wurdt by profetearre: om 't follen oanset wurde, har lok dźrmei te besiikjen, sil de klad dźr wol yn komme.

 

Yn 1782 of '83 is de sūkereibou it earst troch Ds. Nieuwold fan Wergea wakker oanpriizge. Bergsma, dy't grytman wurden wier yn 1782, hat dalik prikken yn 't wurk steld om dy bou yn Dantumadiel te krijen, Hy ferhierde syn lān wol mei it betingst (= voorwaarde), dat der safolle sūkerei ferboud wurde moast. Hy stipe ek wol mei jild. Doe 't ien fan 'e hierders, in jongkeardel, earst net hiere woe om dit betingst, fitere syn mem him oan mei de wurden: "Dwaan! ik kin my better omkeare yn in sek as yn in pūde."