2. De maatskippij feroaret

Ynfoloefening

Yn Egypte wie lânbou lâns de Nyl allinne mar mooglik at in protte minsken mei-inoar oparbeidzgen. Der moasten komme oer it ûnderhâld fan de , slúskes en slinken. Ek moast der in komme dat alles regele en minsken strafte dy't harren ôfspraken net neikamen. Úteinlik kaam der ien dy't alle macht yn hannen krige en mei foar it bestjoer fan Egypte soarge.

Yn Egypte ûntstienen grutte ferskillen yn tusken de minsken. It waard in maatskippij mei ferskate lagen. Dy sosjale lagen koest as in fan de befolking sjen. De ûnderste laach dat wienen de minsken dy't it gjin besit hienen. It wienen de . Dêr boppe hiest de boeren en . Dat wie de grutste groep. De boppeste laach wie it lytst. Dat wie de farao mei syn . Dêrûnder hiest de . De middelste groep bestie út skriuwers, gelearden, keunstners en boumasters.

De Egyptners kochten hout, fee en ivoar fan oare folken. Troch de oerskotten yn de lânbou ûntstienen der . Dêr wennen ambachtslju, hannelers en prysters. De hâlden harren dwaande mei it meitsjen fan alderhande produkten. It wienen timmerlju, glêsblazers, skilders ensafuorthinne. De waard in wichtich plak foar de hannel. Dêr koenen de produkten tsjinelkoar ruile wurden.