Yn 1922 ûntdekte Howard Carter it grêf fan..................?
Toetanchamon
Cheops
Moazes
Ramses II
Fan wa is dit deademasker?
Hokker taken hat de farao? Krús trije oan.
Hokker farao liet de grutste piramide bouwe?
De Achmeatoer yn Ljouwert is 115 meter heech. Hoe mânsk is de heechste piramide?
De grutste piramide is sawat 230 meter breed, bestiet út 2,3 miljoen stiennen fan elk wol 2300 kilogram en is sa'n 146 meter heech.
De grutste piramide is sawat 130 meter breed, bestiet út 1,3 miljoen stiennen fan elk wol 1300 kilogram en is sa'n 146 meter heech.
De grutste piramide is sawat 230 meter breed, bestiet út 2,3 miljoen stiennen fan elk wol 2300 kilogram en is sa'n 230 meter heech.
Toetanchamon waard fûn yn in grêfkeamer yn de rotsen en net yn in piramide . Wêrom net yn in piramide?
Allinne de farao's fan sawat 3000 oant 2000 foar Kristus waarden yn piramiden begroeven. De lettere yn de rotsen yn de Fallei fan de Keningen.
Allinne de farao's fan sawat 2000 oant 1000 foar Kristus waarden yn piramiden begroeven. De earste farao's waarden yn de rotsen yn de Fallei fan de Keningen begroeven.
Allinne de hiele machtige farao's waarden yn piramiden begroeven. De oare farao's waarden yn de rotsen yn de Fallei fan de Keningen begroeven.