1. De Romeinen lûke har wêrom

Ynfoloefening

Nei it ein fan it Romeinske ryk waard West-Europa wer in -maatskippij. Sa om ende by 800 wie keizer oer in grut ryk. Op de ôfbylding stiet Karel de Grutte yn Aken. Yn hold Karel elk jier syn Ryksdei. Foar Karel stiet in keningsboade. Sokke boaden moatte de boadskippen fan de keizer nei alle úthoeken fan syn grutte Frankyske ryk bringe. In ryk fan Fryslân oant Spanje en fan Frankryk oant yn Dútslân.

Dit is it Forum Romanum in 600 nei Kristus. Ienris wie dit it sintrum fan it ryk. No is it in ruïne. Hjir ha yn de bloeitiid fan it Romeinske ryk mear as in minsken wenne, yn 600 wenje der noch mar in pear tûzend minsken. De keizer is fuort en it West-Romeinske ryk bestiet net mear.

folksferhuzing±400.jpg

Op it kaartsje sjochst de yn de fjirde en fiifde ieu. Angelen en Saksen komme yn it gebiet fan de Friezen en in protte Friezen lûke mei har fjirder nei bygelyks Ingelân (Angelân=Engeland). Ús talen lykje ek wol wat opinoar, sa sizze we wolris.: 'Bûter brea en griene tsiis is goed ingels en goed frys'.

De Franken stichten , de Goaten Spanje en de nimme Rome yn. De Fandalen hawwe dêrtroch net sa'n bêste namme krigen, tink mar oan it wurd fandalisme.

De Romeinske legers koene dy ynfallen fan de Germanen net tsjinhâlde. Diken en brêgen dy't de Romeinen boud hienen, waarden net mear en in soad stêden waarden plundere. Jordanis, in East-Romeinske skriuwer, skriuwt yn sawat 550 nei Kristus oer de Goaten:
'Yn it noarden, leit Skandinavië, in grut eilân. Yn de noardelike streken moat it simmers fjirtich dagen lang oanienwei ljocht wêze, Yn de winter binne der likefolle dagen en nachten sûnder . Der wenje in soad ferskillende folken, dêrûnder de goaten. It binne wylde en striidlustigge minsken. Se wenje krekt as wylde bisten yn úthoude grotten.'

De folken fan de folksferhuzing hienen net sa'n hege as de Romeinen. Ek yn ús lân feroaren bloeiende grutte stêden sa as (oait 6000 ynwenners), Maastricht en Utert yn doarpen. It jild ferdwûn en de hannel waard hieltyd minder.

De feroaringen omtrint 500 nei Kristus binne sa grut dat we oer in nije perioade yn de skiednis prate, de . Dy perioade ferdiele we yn twa tiidrekken, de tiid fan en de tiid fan stinzen en steaten.