10. De opkomst fan de islam

Ynfoloefening

Yn de tiid fan de muontsen en de ridders waard Noard-Europa en Spanje waard doe islamitysk. Dat gebiet hjitte Al-Andalûs. De Arabyske keaplju dy't der wennen hannelen sels mei en sa kamen der allegear produkten lykas sûker, sinesappels, katoen en side nei Súd-Europa. Kórdoba wie de haadstêd fan . It gebiet hie in folle hegere beskaving dan Noard-Europa. Yn dy tiid wie Rome in doarp wurden, wylst doe ien fan de grutste stêden fan de wrâld wie. Yn Noard-Europa koe hast gjinien lêze en skriuwe de minsken wennen yn houten huzen. Yn Al-Andalûs hienen se moaie stiennen huzen en biblioteken mei hûnderten boeken.

moslimsted-spanje.jpg

It kristendom en de islam binne no de twa grutste op de wrâld. Krekt as it joadendom en it kristendom is de islam in godstsjinst. Se leauwe yn ien god. Yn de sande ieu ûntstie de islam yn . Dat leit op it Arabysk skiereilân by in krúspunt fan handelswegen. Dat gebiet waard doe bewenne troch nomadyske stammen, dy’t meardere goaden oanbidden. Yn Mekka wie oait in swarte stien út de himel fallen en yn de tiid foar Mohammed waarden op dat plak offers brocht oan de goaden foar in feilige reis fan de nomaden mei harren kamelen nei bygelyks Bagdad.
De islam is stichte troch ). Hy wie berne yn Mekka en waard karavaanhanneler fan berôp. Hy reizge mei in groep hannelers op kamelen nei Egypte, Jeruzalim en Bagdad. Sa kaam hy yn kontakt mei Joaden en .

Neffens de moslims krige Mohammed fan in ingel troch, wat hy yn de koran, de bibel fan de moslims, skriuwe moast. Mohammed sei dat de minsken yn ien god, Allah, leauwe moasten. is de Arabyske namme foar God. Hy sei ek tsjin de minsken dat se de islam moasten. Islam betsjut underwerping oan Allah en immen dy't him bekeart ta de islam is in moslim. Moslim betsjut oerjaan oan it wiere geloof.

Yn Mekka moasten se net folle fan Mohammed syn boadskip ha. Se jagen him fuort en Mohammed gie yn 622 nei Kristus nei . Dêr krige hy in protte folgelingen. It jier 622 is no it begjin fan de islamityske . Letter kearde Mohammed mei in protte folgelingen werom nei Mekka. Mekka waard in belangrike stêd foar de moslims om't Mohammed dêr berne is en om't de Kaäba (it plak fan de hillige swarte stien dy't út de himel fallen is) der stiet.

kaaba.jpg

Dêrnei waard de islam ferspraat oer it hiele . Nei de dea fan Mohammed wreide de islam him út oer it Midden-Easten, Noard-Afrika en . It like der sels op dat de islam ek nei Frankryk oer brocht wurde soe, mar yn de slach by fersloech Karel Martel (de pake fan Karel de Grutte) yn 732 in islamitysk leger en Europa bliuw kristlik.

fersprieding-islam.jpg