3. Trou oan de hear

Ynfoloefening

Yn de tiid fan muontsen en ridders wie der gjin . It leger bestie foar in grut part út , mar dy waarden net mei jild betelle. Hoe koe keizer Karel de Grutte syn lân bestjoere sûnder jild foar syn amtners en soldaten? Troch it .

lienstelsel.jpg

Karel de Grutte hat hiel wat ôffochten foar in grut en sterk Frankysk ryk. Dêrfoar hie hy tûzenen striders nedich. Om de soldaten te beteljen makke hy gebrûk fan it lienstelsel. Lienmannen, dat wurde ek wol neamd, krigen stikken lân, mei de hearrige boeren dy't der wennen, yn lien. Se koene libje fan de opbringsten fan dat stik lân. Lienmannen mei in grut stik lân, lienden wer in stik dêrfan út oan . Dit systeem neame we it lienstelsel. It wurdt ek wol feodalisme neamd, dat komt fan it wurdt en dat is Latyn foar liene.

At sa'n lienman dea gie dan folge syn soan op. Hy moast dan in eed fan oan syn ôflizze. Hy die dat op syn knibbels en dêrby hold hy syn hannen dy fan de lienhear.

De lienmannen en efterlienmannen waard de groep fan de befoarrjochte adel. Sy krigen titels as greve (graaf), en baron. Sy moasten soargje foar hynders, harnassen en soldaten en at der wie moasten se de keizer helpe. De soldaten mei in hynder waarden de neamd. Sy krigen dan ek wer in stik grûn yn lien en hearden by de legere .

Der ûntstie in trijedieling fan de :
Geastliken: taak: bidde;
Adel: taak: fjochtsje;
Boeren: taak: wurkje

Nei Karel de Grutte kamen der lienhearen dy't minder kontrôle oer harren lienmannen hienen. De lienmannen fielden har hieltyd mear de fan it gebiet en se lutsen har minder fan de lienhear oan.