4. Skippers en keaplju

Ynfoloefening

jierringen1.jpg

Oan de hân fan jierringen yn in stik hout kinne argeologen sjen hoe dat stik hout is en wêr't dat stik hout kapt is.

schipdemeern_0019.jpg

Hjir sjochst in foto fan in skip dat fûn is by Utert. It skip is sa'n 18 meter lang en hast 4 meter breed. It koe sa'n 10 ton lading meinimme. Oan de hân fan de witte wy no dat it skip boud is fan beammen út de buert fan Utert út ûngefear 1000 nei Kristus. It liket wol wat op in skip fan de Noarmannen. witte.

Yn 450 nei Kr. lutsen de harren werom efter de Alpen. De Romeinske diken en sa waarden net mear . It ferfier gie doe oer it wetter. De Friezen op de terpen hannelen mei oare folken. Sels hienen se fleis, bûter en tsiis genôch, mar weet (tarwe), wêr't se bôle fan bakten, moast wurde. De Friezen gongen de see en de rivieren op. It waarden de fan Noardeast Europa.

De Noardsee waard fan 450 oant 900 nei Kr. de (Fryske See) neamd. Der wienen ek Friezen dy't har yn oare plakken wenje gongen. Der ûntstienen Fryske yn Ingelân, Denemarken en Sweden en ek lâns de Ryn oant foarby Keulen.

Yn wennen yn de tiid fan Karel de Grutte sawol Friezen as Franken en de stêd hearde soms by Fryslân en dan wer by it ryk.

Nei de dea fan Karel de Grutte wie der gjin sterk gesach mear. Noarmannen koenen frij maklik ynfalle yn dizze gebieten dwaan en wêrom soenen se foar dingen betelje at se dy ek maklik stelle koenen. Yn dy tiid is Doarestêd in pear kear plundere troch de . Letter bleau der fan Doarestêd net folle mear oer. Dat kaam net allinne troch de ynfallen fan de Noarmannen mar trochdat de stêd fierder fan it wetter ôfrekke. De hannel ferskode nei oare plakken, foaral nei de Súdersee. Plakken as , Kampen en Deventer waarden doe wichtich foar de hannel.