5. Redbad en Bonifatius

Ynfoloefening

Tusken de seisde en tsiende ieu waard hiel Europa kristlik. Misjonarissen (sindelingen) hienen oeral it ferspraat.
Yn 498 waard kening Clovis fan de Franken kristen. Dat wie polityk besjoen in goede set, want hy krige doe stipe (steun) fan de kristlike tsjerke en sa groeide syn ryk út ta in grut ryk.

Yn 768 waard kening fan it Frankyske ryk. Yn kroande de paus Karel ta keizer fan it Frankyske ryk. It like der in bytsje op dat it West-Romeinske keizerryk der no wer komme soe, mar nei de dea fan Karel de Grutte foel it Frankyske ryk in stikken út elkoar.

schoolplaat.jpg

Yn 690 kaam Willibrord, de lieder fan in groep Ingelske muontsen, nei kening Pepijn fan it Frankyske ryk. Hy frege of hy mei syn muontsen de wol it kristendom bringe mocht. Pepijn wie der flak foar. Kristlike Friezen soenen wierskynlik minder gau yn opstân komme tsjin de Franken. Súd-Nederlân hearde by de Franken, dat gebiet wie yn 350 ûnder de Romeinen al kristlik wurden.

De Friezen leauden, krekt as de oare Germanen, yn , Donar, Freya en it Walhalla. Tiwaz wie de god fan de oarloch, Wodan fan de wiisheid, Donar fan de , Freya fan de . Friezen dy't yn de striid omkamen, waarden troch walkuren nei it walhalla brocht, dêr't se bier drinke út kowehoarnen. De nammen fan de goaden komst noch tsjin in de dagen fan de wike: Tiisdei, Woansdei, Tongersdei en Freed.

willibrord-utert.jpg

Willibrord gie nei Utert en boude dêr in stiennen . Fanút Utert waard besocht om de Friezen te kerstenjen. De Friezen dy't kristen waarden wurden doopt yn in doopfont mei wetter. Neffens in leginde stie de Fryske kening al mei ien foet yn it wetter om doopt te wurden, doe't er frege of hy letter, nei syn dea, syn foarâlders ek yn de himel sjen soe. Nee', sei de pryster. Dy wienen net kristlik dat dy binne net yn de himel. Doe stapte Redbad út it wetter. Hy woe letter al mei syn foarâlden ferivige wurden.

It bekearen fan de Friezen gie net maklik. Yn Dokkum waard yn 754 mei syn gefolch fan 52 man deaslein. Dochs waard hiel Europa foar it jier 1000 stadichoan kristlik. Oeral waarden tsjerken en kleasters boud. Yn Fryslân sa'n 300 tsjerken en 50 kleasters.
Yn de kleasters libben de muontsen en nonnen neffens de . De bekendste binne: Kleasterlingen meie net trouwe, gjin besit ha en moatte dwaan wat de abt en de paus sizze. Dizze regels binne betocht troch , de stichter fan de kleasteroarder fan de Benediktinen. Hy hie noch folle mear regels. Hjirûnder steane in pear.
De muontsen moatte in grutte earbied foar elkoar hawwe. Sy moatte elkoars swakheden mei it grutste geduld ferneare. Se moatte elkoar helpe. Gjinien siket wat nuttich foar himsels is. Sy sykje nei datjinge dat nuttich is foar in oar. Yn leafde freezje se God. Sy sette neat boppe Kristus. Benammen by it opnimmen fan earme minsken moatte sy mei grutte soarch hannelje. Want mei de earme minsken ûntfange sy Kristus sels.

It âlde Germaanske leauwen ferdwûn net hielendal. In protte dingen waarden ferminge mei it kristlik leauwen. It ferstopjen fan Peaske-eien, Sinteklaas dy't mei in hynder oer it dak rydt, krystfeest mei ljochtsjes yn krystbeammen yn plak fan it , it binne allegear oerbliuwsels fan it leauwen.