8. Midsieuske tsjerken

Ynfoloefening

Eartiids hearde eltsenien by de tsjerke. De tsjerke stie yn it fan it doarp en spile in sintrale rol yn it libben fan de minsken.

Dia64.JPG

Yn de tiid fan de krústochten kaam yn 1214 nei Dokkum. Hy hold dêr in pear dagen yn Klaarkamp ta. Hy hold in preek yn'e iepen loft dêr't in protte minsken op ôfkamen. Hy sei dat de Friezen meidwaan moasten oan de fiifde . 'God wol it', rôp er. 'De Friezen moasten en Palestina feroverje op de Arabieren. Tidens syn ferhaal mienden in protte minsken sels swevende krusen yn'e loft te sjen. De Friezen waarden sa entûsjast makke dat se mei dielnamen oan dizze krústocht. Uteinlik waard yn 1219 Damiate, in stêd yn Egypte, ynnaam. Op harren skippen bouden se in hege toer. telde 60.000 ynwenners. Fyftichtûzend minsken waarden fermoarde en de stêd waard plundere.

De tsjerke naam doe in folle wichtiger plak yn dan tsjinwurdich. Oant 1580 wie Fryslân . Yn stee fan in dûmny wie der in pastoar. Hy wie wierskynlik de ienige yn it doarp dy't lêze en skriuwe koe. By de ferkeap fan in buorkerij wie hy de notaris. Wa't siik waard koe by de tsjerke help krije, want dêr hienen se ferstân fan krûden of se stjoerden de sike nei it kleaster. De kleasters hienen in . De tsjerke en it kleaster wienen de , it sikehûs en it gemeentehûs. Alle nijs waard fia de tsjerke ferspraat. Bertes, houliken of begraffenissen, de tsjerke hie der mei te krijen. De tsjerke wie it sintrum fan it doarp. Rike famyljes waarden deryn begroeven en harren hingje yn sommige tsjerken no noch oan de muorre.

De midsieuske tsjerken steane allegear . Kinst by sa'n tsjerke sa sjen wat noard en wat súd is. Sa'n tsjerke bestiet út it skip (it middenstik fan in tsjerke) en in . It koar is it rûne part fan de tsjerke. It koar is altyd oan de eastkant en de toer oan de fan in âlde tsjerke.

De tsjerke hat tsjokke massive muorren en lytse rûne ruten. Dy boustyl neame we . De muorren binne sa tsjok om't der faak in rûnmitsele dak op rêste moast. Letter waarden dy swiere dakken faak ferfongen troch in folle lichter houten dakkonstruksje.

De earste tsjerken waarden boud fan hout. Pas nei it jier tûzend waarden houten tsjerken ferfongen troch stiennen. De âldste tsjerken yn Dantumadiel binne dy fan Rinsumageast en Dantumawâld. Dat se sa âld binne dat kinst oan de stiennen, dy't brûkt binne, sjen. De âldste stikken fan dy tsjerken binne fan douwestien (tufsteen) makke. wie djoer, it waard mei de boat út it Eifelgeberchte yn Dútslân oanfierd. Douwestiennen binne frij grutte grize stiennen.

Dia72.JPG

Fan 1165 oant 1580 bakte it kleaster Klaarkamp stiennen fan Fryske klaai. Dizze stiennen wurde (âlde Friezen) neamd. Dêr waarden doe tsjerken en ek de Skierstins fan boud. Hoe grutter de stien, hoe se binne. De earste stiennen wienen like grut as de douwestiennen, mar yn de rin fan de jierren bakte it kleaster hieltyd lytsere stiennen.

Oant 1580 wienen hast alle ynwenners fan Fryslân noch roomsk-katolyk. In lytse groep protestanten krige lykwols hieltyd mear ynfloed. Yn 1580, yn de tiid fan de (herfoarming) en de opstân tsjin Spanje, besleat it bestjoer fan Fryslân fan katolyk protestant te wurden. Alle katolike tsjerken waarden herfoarme tsjerken. Kleasters wienen net mear nedich. De fyftich yn Fryslân waarden ôfbrutsen en it lân fan de kleasters waard ferkocht. It jild waard brûkt foar de oarloch tsjin Spanje en foar it bouwen fan de fan Frjentsjer wêr't ek dûmny's oplaat waarden.

De tsjerken moasten wol wat oanpast wurde. De bylden waarden ferwidere en muorreskilderingen ferdwûnen efter in dikke laach muorreferve. De pastoar moast dûmny wurde of ôfreizgje. Inkele pastoars setten ôf, in protte waarden dûmny