9. Stinzen en states

Ynfoloefening

Skiednis is it ferhaal fan hoe't minsken problemen oplosse. Wat kinst allegear dwaan om it ynbrekkers sa muoilik mooglik te meitsjen. Hoe't rike minsken dat eartiids yn Fryslân dienen, dat kinst hjir lêze. We geane dêrfoar nei de yn Feanwâlden (mei muorren fan in meter dik) en nei oare âlde stiennen hûzen dy't hjir eartiids stienen.

It wurd stins komt fan . Yn de midsieuwen, de perioade fan , wennen de minsken yn houten hûzen. Allinne minsken brûkten stiennen foar harren hûs en ek de tsjerken waarden fan stien boud. Dy stiennen dy kochten se fan bygelyks it Klaarkamp. Dêr ha se it bakken fan stiennen fan klaai útfûn. De foar it meitsjen fan de stiennen hellen se út de Klaarkampstermar en foar it bakken wie fean (turf) nedich en dat hellen se út . Yn Feanwâlden hienen de muontsen fan Klaarkamp in uthôf; de Skierstins.

Dia74.JPG

De Skierstins hjitte neffens in oarkonde út 1436 earst: Idszengha gude’ en ‘heet nu itta Schiera Monnika huse int Johanniswald’

Rûnom it jier tûzend wie it in ûnrêstige tiid. Der wie gjin kening mei in dy't foar de feilichheid fan de minsken soargje koe.

stins-900.jpg

Op de ôfbylding sjochst dat in gesin in tal maatrigels naam hat om harren sels te beskermjen. Do sjochst in grêft, in hege wal mei puntige peallen en in houten toer. In houten toer is . In stiennen toer is dêrom in enoarme ferbettering. 'Stins' betsjut stiennen hûs. De muorren fan in stins binne wol in meter tsjok en der sitte lytse rútsjes yn, dat binne wêrtroch't immen maklik fan binnen nei bûten sjitte kin en muoilik fan bûten nei binnen. Der wienen yn Fryslân in protte stinzen, mar troch it buskrûd waarden der in protte stinzen wei. De dikke muorren wienen net tsjin it bestân.

schotanus-schierstins.jpg

Op dizze kaart stiet mei in pylk oanjûn wêr't de Skierstins stiet. De Skierstins dankt syn namme oan de fan Klaarkamp dy't yn sawat 1400 de eigners fan de stins waarden. De muontsen hellen fean (turf) út Feanwâlden en dat ferfierren se fia de Skiersleat nei it kleaster.

Oant 1500 wie de Skierstins eigendom fan de muontsen. Yn 1580 waard Fryslân fan katolyk protestant. Alle besittingen fan de kleasters waarden eigendom fan it bestjoer fan Fryslân. De kleasters waarden mar gelokkich waard de Skierstins net ôfbrutsen mar ferkocht.

Op it stuit is de Skierstins eigendom fan de gemeente Dantumadiel. Hy is restaurearre en wurdt tsjinwurdich brûkt as eksposysjeromte mei in permaninte eksposysje oer de lêste toerstins.