6. De stien foar Hludana

Ynfoloefening

Yn it jier 52 foar Kristus ferovere Julius Caesar Gallië (Frankryk, België en SúdNederlân). De Friezen waarden ek ferslein, mar meastentiids lutsen de Romeinen harren werom efter de . De Ryn waard de grins túsken de Romeinen en . Fryslân lei bûten de limes, mar de Friezen moasten wol oan de Romeinen betelje en der fochten ek Friezen yn it Romeinske leger.

hludana.jpg

Yn 1888 waard yn Bitgum in beloftestien foar de goadin fûn. De stien is sa'n twa tûzend jier âld. Yn it Latyn stie der op: Oan de goadin Hludana ha de pachters fan de fiskerij, doe’t Quintus Valerius Secundus haadpachter wie, harren belofte betelle, frijwillich en neffens fertsjinst.'
Der binne mear Hludana stiennen fûn, ûnder oaren by Xanten, dat Hludana moat in goadin west ha, dy't ek by oare folken fereare waard.

De Friezen learden in protte fan de Romeinen. It oernimmen fan Romeinske gewoanten wurdt neamd. De Romeinen learden de Friezen it skriuwen en dêrmei begjint de histoarje fan Fryslân.

ArtSchrijftafeltjevanTolsum_0_0.jpg

Romeinen skreaunen op papyrus, perkamint en op skriuwplankjes. Sa'n waard ynsmard mei waaks. Mei in stift waard yn de waaks krast. De waaks is lang lien al weiwurden mar op it hout is de tekst noch hiel faach te sjen. Earst tocht men dat it plankje oer de ferkeap fan in koe gyng, mar no witte we dat it oer in jildliening giet. It skriuwplankje fan Tolsum, mei in tekst út 28 nei Kristus, is de skreaune tekst dy’t yn Nederlân fûn is.

Op in protte plakken binne Romeinske munten en oare argeologyske fynsten út de Romeinske tiid fûn en Romeinske skriuwers hawwe oer de Frisii skreaun. De Frisii wienen by de Romeinen de stammen dy't noard fan de Ryn wennen. Se wienen wol ferslein troch de Romeinen, mar it gebiet waard net oan it Romeinske Ryk tafoege, om't de Ryn de grins waard. It is net wis oft de Friezen fan no ôfstamme fan de , want tidens de folksferhuzing fan 350 oant 450 nei Kristus binnen in protte Friezen nei oare plakken gien en oare folken kamen yn Fryslân.