De Romeinske skriuwer Tacitus skreau oer it jier 28 nei Kr. in stikje oer de Friezen en oksehûden: Hy skriuw koartsein it folgjende:
Yn dat jier hawwe de Frisii, in folk fan oer de Rhenus (Ryn) de frede ferbrutsen troch ús hebsucht. Se moasten fan Drusus kowehûden leverje foar militêr gebrûk. Fan Olennius moasten it oeroksehûden wêze. Dizze belêsting wie te swier foar de Friezen. Doe waarden foar straf harren ikkers en kij ôfpakt en dêrnei waarden de frouwen en bern fan de Friezen as slaaf ferkocht. Dêrom kamen de Friezen tsjin de Romeinen yn opstân.
Wêrom kamen de Friezen yn opstân?
De Friezen woenen gjin belêsting betelje.
De Friezen moasten oksehûden leverje dy woenen se sels hâlde.
De Romeinen pakten de frouwen en de bern fan de Friezen en ferkochten dy omdat de Friezen net genoch oksehûden leverden.
Hoe lang duorre de terpentiid?
500 jier
1000 jier
1500 jier
2500 jier
Hoe kamen de Friezen yn it terpegebiet oan drinkwetter foar de bisten en foar har sels?
Se hienen akwadukten
Se hienen op de terp in kûle (dobbe) der't se it reinwetter yn opfongen en bewarren.
Se dronken út de fearten en slinken.
Wat betsjutte de kleuren op dit kaartsje?
Wannear begûn de terpetiid?
± 500 foar Kr.
± 500 nei Kr.
1500 nei Kr.
1000 nei Kr.
Yn de rin fan de tiid waarden de terpen sa no en dan ferhege. Wêrom waarden de terpen ferhege?
Somtiden is de see rêstich en komt it seewetter minder heech, mar der binne ek perioaden dat de see it gebiet oerstreamt.
In hege terp wie makliker te ferdidigjen tsjin de Romeinen en letter tsjin de Fikingen
In hege terp hat in folle moaier útsicht.
De Friezen wennen ljeaver yn in doarp dan yn op hûsterp.
Sjoch ris goed nei dizze trije kaartsjes. Krús de twa goede sinnen oan.
Wat is de heechste terp fan Fryslân?
Wêrom waarden terpen ôfgroeven?
Om by it doarp in iisbaan te meitsjen.
Omt de boeren leaver flak lân hienen dan lân dat skean omheech rûn.
Om de modder te ferkeapjen.
Om te sjen wat der yn de terp wol net allegear sit.
Fryslân wie froeger grutter dan tsjintwurdich. Krús fiif gebieten oan wêr't Friezen froeger wennen.