iiiiiiiiii
x

In kleaster yn de Midsieuwen

Yn de Midsieuwen wie yn Nederlân hast eltsenien kristlik. In protte mannen en frouwen gienen yn in kleaster: se waarden muonts of non. Binnen de kleastermuorren koest yn alle rêst oan God tinke en bidde. Ek skreaunen se yn harren skriuwsaal (in scriptorium) in protte boeken oer.

x

It scriptorium

De measte kleasters hienen in saal wêr't boeken oerskreaun waarden. It scriptorium. Dêr stienen spesjale skriuwtafels. Ek wienen der al spullen dy't nedich wienen om skriuwe te kinnen, sa as perkamint, inkt en guozzefearren.


x

In ferske fan 1000 jier âld

Gerulf is krekt op wie nei syn skriuwtafel at hy troch it kleasterfinster in jonkfrou foarby riden sjocht. Eefkes sjocht se him rjocht yn de eagen. Daliks sjitte Gerulf de wurden fan in leafdessang yn't sin. It sankje dat syn faam eat foar him song, thús yn Flaanderen: Hebban olla vogala...


x

Muontsewurk

Hjoeddedei wurde boeken drukt. Fan elts boek bestean dus hûnderten eksimplaren dy't der allegearre presys gelyk útsjogge..

Foar 1450 bestie de boekdrukkeunst noch net. Boeken waarden stik foar stik mei de hân oerskreaun. Wat in muontsewurk!


x

In romantyske skriuwproef

Yn 1932 waard op de lêste bladside fan in âld Ingelsk kleasterboek in Nederlânsk sintsje ûntdekt. It stie op in bledside fol Midsieuwske skriuwproeven: wurden en sintsjes dy't de muontsen skreaunen om te besykjen oft harren pinne nei it skerp meitsjen wer goed skreau.


x

Perkamint

Hjoeddedei skriuwe wy meastentiids op papier. Mar midsieuwske boeken binne allegear op perkamint skreaun. Perkamint is spesjaal bewurke bistefel fan in keal, geit of skiep. Foar in tsjok boek sa as de bibel hiest wol 150 skieppefellen nedich.


x

Sels inket meitsje

Muontsen makken yn harren scriptorium sels harren inket en ferve om moaie boeken meitsje te kinnen. Inket waard makke troch dingen út de natoer fyn te stampen yn in fizel en dêrnei mei in tinne kleefstof te mingen. Fan nuten makken se brune, fan roet swarte en fan de stien lapiz lazulli blau.


x

Skriuwe mei in guozzefear

Se skreaunen mei in guozzefear en in potsje mei inket. At de fearpunt stomp wie , snijden se in nij puntsje. Dêrnei waard earst op in kladsje eefkes besocht oft de pinne wer goed skriuwde. Wat skriuwdest dan? It earste wat dy yn't sin kaam. Bygelyks in ferske dat krekt yn dyn holle siet. .


x

Prachtige fersiersels

Midsieuwske boeken waarden, nei't de swarte letters kreas oerskreaun wienen, faak prachtich fersierd. De haadstiktitels waarden yn reade letters taheakke en de earste haadletter fan in haadstik waard faak hiel grut en moai tekene. Ek waarden der yn de kantline allerhande grappige tekeningen makke.. 


x

Sa djoer as in hûs

Mei de hân skreaune boeken wienen hiel kostber. Dat kaam foaral omt it perkamint en de kleurstoffen sa djoer wienen. In moai fersierde bibel wie sa om ende by 1270 like djoer as in grut stiennen hûs. .


Werom nei Fryslân as kleasterlân