Wa stie yn Egypte tusken de minsken en de goaden yn?
Hoe neame de Egyptners harren kening?
Egyptners leauden dat se yn it deaderyk fierder libben. Dêrfoar moast it lichem bestean bliuwe en dêrom mummifisearren se harren deaden. Hokker rigel is goed?
Alle Egyptners lieten harren mummifisearje
Wa it betelje koe liet him mummifisearje
Alle minsken en húsdieren yn Egypte waarden mummifisearre
Wêrom wurken de Egyptners al tidens it libben oan de bou fan harren grêf.
Do kinst dat mar better sels goed regelje dan it oan dyn familie oerlitte.
Se leauden dat it libben yn it deadenryk by Osiris en Isis hiel wichtich wie en dêrom moast do dêr betiid mei begjinne
Dit moast fan de farao want dy woe yn it deaderyk troch in protte minsken betsjinne wurde
De Egyptners hienen in boek wêr yn stie watst dwaan en watst sizze moast om it deaderyk yn te gean. Hoe hjit dat boek...?
Besjoch it deadeboek fan Hunefer. Wa sit rjochts op de troan en wa stiet efter him?
Osiris en Isis
Hunefer en Anubis
Seth en Horus
Wat witst fan de rol fan de keunstners yn it âlde Egypte?
Keunstners makken de belangrike posysje fan godstsjinst en de farao belangriker.
Keunstners makken de posysje fan de farao en de godstsjinst bespotlik mei harren grappen.
De ynfloed fan keunstners wie net grút. Der waard net folle keunst makke want eltsenien wie dwaande om syn grêf fol te krijen mei meubels en ark.
Op de weachskaal sjochst rjochts it hert fan de deade en links de fear fan de wierheid. Wat gebeurt der at de weaging ferkeard útfalt?.
dan wurdt it hert opfretten troch it meunster
dan giet de deade nei Osiris foar in passende straf