
Yn in Gryksk toanielstik út de twadde ieu nei Kristus, skreaun troch Lucianus, freget immen him ôf, wêrta al dy gymnastyske wedstriden fan de Griken tsjinje. Hy sei: "Se rôlje as baargen troch it sân en se fjochtsje as bokken. It giet der somtiden wyld om en ta en dôchs wurde se net útinoar helle troch dy man yn syn poarperen mantel, dy't, nei syn klean te sjen, in oerheidspersoan wêze moat. Ik soe wol witte wolle wêrta soks tsjinnet. It komt op my oer as neat oars as ûnsin.