6. De Olympyske Spullen

Ynfoloefening

It wie wer ris feest yn Olympia yn Grikelân. Om de fjouwer jier fûnen hjir de plak. Boadskippers reizgjen troch it lân om it tiidstip fan de spullen (wedstriden) bekend te meitsjen. Ek roppen se de frede út. Yn de tiid fan de spullen mei der gjin fierd wurde. Alle feestgongers koene feilich nei Olympia reizgje. Se waarden dêr as gasten fan beskôge. De wol 50.000 taskôgers kamen net foar nije rekords, mar foar de eare fan harren stêd. De haadpriis wie rom, in lauwerkrâns en in faas.

Der waarden yn Grikelân in protte sportwedstriden holden, mar de Olympyske Spullen wienen it wichtichst. De earste spullen waarden holden yn foar Kristus. De spullen duorren fiif dagen. Eltse Grykske man dy't it mar in bytsje regelje koe, gong der hinne. Famkes en frouwen mochten meidwaan en ek net taskôger wêze. Stikem, as in man ferklaaid, meidwaan, koe ek net want de spilers wienen . Yn it begjin binne de spullen allinne foar de Griken. Letter dogge de Romeinen ek mei en tsjintwurdich binne de spullen foar alle lannen en dogge frouwen ek mei.

De spullen te Olympia waarden sa wichtich fûn, dat de tiidrekkening der troch bepaald waard. In olympiade is in perioade fan jier tusken twa spullen. Om't alle spullen op in list byholden waarden, kinne se krekt neigean yn hokker jier fan in bepaalde olympiade wat bard is.

Yn it earstoan bestienen de spullen foaral út . De Grykske hurdrinners wienen ferneamd. In rinner moast fan Maraton nei Atene it berjocht bringe dat de Griken de Persen ferslein hienen. Hy draafde san 42 kilometer efterinoar en koe op it merkplein yn Atene it goede niis noch krekt fertelle en foel do dea del. Hurdrinners binne seit men wolris, mar de Griken eare him mei in spesjale wedstriid. De maraton; in hurdrinwedstriid oer mear as 42 kilometer.

Tige favoryt wie de . De winner moast útblinke op fiif ûnderdielen. Hurdrinne, diskussmite, spearsmite, wrakselje en fierspringe. Letter kamen der mear sporten by. Der wie altyd in protte belangstelling foar it hurddraven mei hynders en weinen. By dit ûnderdiel moasten sa gau mooglik 12 kear om in peal oan it ein fan it fjild drave. Dêrby fleagen bytiden de weinen oerinoar hinne as út de bocht.
Tsjintwurdich geane de Olympyske Spullen om goud, as brûns. Sokke prizen koenen de âlde Griken net. It gie om ivige rom. De winner krige allinne in krâns. Eltse stêd wie grutsk op syn Olympyske kampioenen. Syn jierdei waard troch de stêd fierd en mocht it gebeure dat in âld Olympysk kampioen letter earm waard, dan mocht er ite op kosten fan syn stêd.

De âlde Olympyske Spullen binne hûnderten kearen holden. Yn 393 nei Kristus makke de keizer Theodosius der in ein oan. Hy wie ek baas oer Grikelân en hy fûn de spullen net mear passen yn in Kristelik lân. Derom waarden de spullen ferbean.
Yn 1896 waarden de earste moderne Olympyske Spullen holden. De hjoeddeiske spullen ferskille aardich fan dy fan doe. Tsjintwurdich meie alle lannen mei dwaan. De spullen duorje net mear fiif dagen mar trije wiken. De frouwen dogge mei en der binne folle mear ûnderdielen.