Yn de tiid fan de muontsen en ridders wie der hast gjin jild. Der wie hast gjin hannel mear en jild waard net folle mear brûkt. Hast alle minsken wienen boer en wennen op in domein.Hoe neame we sa'n maatskippij?
in lanboustêdelike maatskippij
in lânboumaatskippij.
in yndustriële maatskippij
It lân fan in domein wie yn stikken ferdield. In part wie foar de domeinhear en in oar part mochten de hearrige boeren brûke. De pacht betellen se troch neist it wurk op har eigen lân ek noch?
Se betellen yn .........., want der kaam gjin jild oan te pas. Wat moat der op de stippen stean?
De boeren hienen net folle frijheid. It wienen ................ boeren, se hearden by it domein en se mochten it domein net ferlitte sûnder tastimming fan har hear. Se mochten ek net trouwe sûnder syn tastimming. Wat moat der op de stippen stean?
Soms wienen der ek noch in pear frije boeren. Dy hienen eigen lân en hoechden net op it lân fan de domeinhear te wurkjen. Wat heart by dy frije boeren?
Sy moasten belêsting betelje en meifjochtsje yn it leger.
Sy moasten ien dei yn de wike op it lân fan de hear wurkje
Sy waarden beskerme troch de hear fan it domein.
Sa'n domein soarge hielendal foar har sels. Alles wat se nedich hienen waard troch harren sels makke.Hoe neame we sa'n maatskippij wêrby alles wat se nedich ha, sels makke wurdt?
Wat docht de boer yn desimber?
slachtsje
siedzjen fan winternôt (graan)
gers meane
skiep skeare
Wat docht de boer yn juny?
slachtsje
siedzjen fan winternôt (graan)
gers meane
skiep skeare
Hokker sinnen oer in domein binne goed?
In domein wie in autarky. Wat wie dêr de oarsaak fan?