7. Fryslân kleasterlân

Ynfoloefening

Geastliken wienen yn de tiid fan muontsen en ridders hast de ienigen dy't koene. Keningen hienen de geastliken nedich foar it bestjoer fan harren lân en dêrtroch krigen de geastliken hieltyd mear yn de maatskippij. Haad fan de tsjerke wie de , ûnder him stienen de ierdsbiskoppen, dêr wer ûnder de biskoppen en dan de dy't de lieding hienen oer in doarpstsjerke.

Neist pastoars wienen der ek (monniken) en nonnen. Dy libben fan de doarpsminsken yn kleasters. Kleasters waarden belangrike sintrums fan ûnderwiis, kultuer en . Muontsen bewarren boeken, kopiearden boeken en se makken . De muontsen skreaunen mei de hân op perkamint. Dat wie in hiel . Earst moasten fan bistefellen bledsiden makke wurden, dêr moasten dan rigels op set wurde, de inkt moast makke wurde en mei in waarden de wurden opskreaun. Oan it begjin fan in nij stik makken de muontsen in , in lyts skilderijke. At sa'n boek nei jierren klear wie kaam it kostbere wurk oan in keatling yn de fan it kleaster.

hebbanollavogala-euverman.jpg

Omtrint 1100 wie der in Flaamske muonts dy't meastentiids Latynske teksten oerskriuwe moast. Syn pinne die it net mear sa goed en dêrom hied er, mei in meske, syn guozzefear wer skerp makke. Hy moast efkes besykje oft syn pinne no goed skriuwe woe. Dus skreau er op de achterste side fan syn boek it folgende rigeltsje:

Hebban olla hagunnan hinase hic anda thu, wat unbidan we nu? 'Alle vogels zijn al aan het nestelen, behalve jij en ik; waar wachten we nog op?' Dit binne wierskynlik in pear rigels út in leafdesliet fan tûzen jier lyn. It is sawat de âldste tekst dy't we oant no ta kenne.

In de rin fan de tiid joegen in protte minsken lân oan it kleaster. Sa waarden de kleasters hieltyd machtiger. Sa'n kleaster mei in soad macht wie . Klaarkamp wie ienris it grutste doarp fan Dantumadiel. Hjir wennen froeger soms wol minsken. It kleaster stie op in fjouwer meter hege mei dêrop de huzen en in soart beskermingsmuorre. It wie fjirder befeilige troch in grêft.

13.jpg

De muontsen fan Klaarkamp hannelen yn nôt (graan), wol, hout, sâlt fleis, bûter en tsiis. Ek hannelen se yn , dy't se sels bakten. Dy stiennen neame we (kleasterstiennen). Dat binne nochal grutte gielreade bakstiennen, dy't brûkt waarden foar it bouwen fan tsjerken. Foar it meitsjen fan al dy stiennen hienen de muontsen klaai nedich. Troch it ôfgraven fan dy klaai is de ûntstien. Yn de rin fan de jierren polderen de muontsen ek hiel wat lân yn. Harren boaten gongen fia Dokkum sels nei de en nei stêden yn Flaanderen.

De namme fan Klaarkamp wie offisjeel: 'Monasterium beate Maria de , kleaster fan de hillige Maria fan Klaarkamp. Hjir wennen muontsen, in kleasteroarde dy't yn Clairvaux yn Frankryk stichte wie. Clairvaux betsjut: "it ljochte fjild". Wy Friezen neamden dit kleaster gewoan Klaarkamp en de muontsen 'skiere muontsen'. Dy lêste namme kaam fan de skiere (grize) mantel wêr't de likebruorren yn rûnen (de muontsen droegen in wite pij). Do fynst dat skier ek noch werom yn nammen lykas; Skierstins, Skiersleat en .